Ferbeane wapens yn Boalsert

19 feb 2012 - 13:44

Yn in hûs yn Boalsert hat de plysje ferskate ferbeane wapens fûn. Twa Boalserters (21 en 31) binne yn de wenning oan de Hendrik Nanneshof oanhâlden. Yn it hûs wie in feestje en neffens tsjûgen swaaide ien mei in fjoerwapen op strjitte. De plysje is doe belle. De 31-jierrige man hindere de plysje en moast noch in straf útsitte. De 21-jierrige is oanhâlden fanwege bedriging. Hy soe mei it wapen swaaid ha. Yn it hûs wiene 3 samoeraiswurden, ferskate soarten messen, in krúsbôge en tsien pylken. Dat is allegear yn beslach naam.

Ek is in nepfjoerwapen yn beslach nommen. De fertochten binne foar ûndersyk nei it buro brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)