Untwerp nije Ljouwerter iishal

22 apr 2014 - 17:12

It ûntwerp foar in nije iishal yn Ljouwert is tiisdei prestintearre. De iishal, mei de namme Elfstedenhal, ferfangt de hjoeddeiske hal. It wurdt in moderne hal mei in wyt dak, sadat it liket oft der snie op leit. By de presintaasje wienen fertsjintwurdigers fan de iishal, de gemeente Ljouwert en de bouwer oanwêzich. Hoewol't de nije hal folle grutter is, sil dy amper mear enerzjy brûke as de âlde. Meikoarten begjint de bou fan de hal. Takom jier septimber kinne de riders der telâne.

Trefwurden: 
Ljouwert iishal ûntwerp
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)