Man ferwûne by fernielerij

© Omrop Fryslân
In ynwenner (21) fan Sint Anne is sneontenacht yn Berltsum oanhâlden. Hy hie earder dy nacht in rút fan in gebou oan it Hemmemaplein fernield en rekke dêrby ferwûne. Doe't de plysjes ûnderweis wiene nei it plak dêr't de fertochte wêze soe, seagen se twa persoanen rinnen. Ien hie in flinke snijwûne en moast de dieder wêze. De fertochte is nei behanneling yn it sikehûs nei it plysjeburo brocht.
Trije ruten fan it plysjeburo yn Easterwâlde binne sneontenacht ynsmiten. Neffens in tsjûge ha twa jongeren dat mei stiennen dien.