Baggerjen yn Grou útsteld

22 apr 2014 - 17:06

It baggerjen fan it wetter yn it sintrum fan Grou wurdt útsteld oant nei de simmer. Dat ha de provinsje en de gemeente besletten. Der wie ekstra ûndersyk nedich en dêrom hat de start fan it wurk fertraging oprûn. Mocht der no mei begûn wurde, dan soe dat betsjutte dat it sintrum fan Grou fan 't simmer min te berikken is foar wettersporters. It ekstra ûndersyk wie nedich omdat yn ien fan de te baggerjen wetters fersmoarge grûn fûn is. It giet om fersmoarging mei tarre, dat earder brûkt waard by it ûnderhâld fan skippen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)