Trije jûnen IIsfoarstin al fol

22 apr 2014 - 16:57

Trije foarstellingen fan De IIsfoarstin binne al útferkocht. De strjitopera fan Tryater spilet yn it sintrum fan Ljouwert fan 13 oant en mei 31 maaie. Dizze wike binne de repetysjes bûtendoar begûn. It stik is basearre op in mearke fan de Deenske Andersen en wurdt regisearre troch artistyk lieder Ira Judkovskaja. Op de webside www.iisfoarstin.nl is allerhanne ynformaasje te finen. Makkers en sjongers, lykas Albert Bonnema, fertelle oer har ynspiraasje en der binne foto’s en filmkes te sjen en ek is der muzyk út de foarstelling te hearren.

De foarstellingen op freed 15, sneon 16 en freed 23 maaie binne útferkocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)