Frou mislediget plysjes

© Omrop Fryslân
In frou (39) út Snits is sneontenacht yn Ljouwert oanhâlden. Se rôp op it Ruterskertier misledigende teksten nei surveillearjende plysjes. De freon (44) fan de frou bemuoide him mei de oanhâlding en is doe ek oanhâlden. It duo wie ûnder ynfloed fan alkohol. Se binne foar neier ûndersyk ynsletten.
In man (24) út Sint Jansgea is sneontenacht op It Hearrenfean oanhâlden nei't er sûnder oanlieding twa plysjes útskold.