Snitser frou al wike fermist

22 apr 2014 - 14:29
  • Tetje van der Veer út Snits fermist

De 48-jierrige Tetje van der Veer út Snits wurdt sûnt hast in wike fermist. De frou is 16 april rinnend fan hûs gong, meldt de plysje. Se hat har bril thús lizze litten. Doe't se net op har wurk kaam, is alarm slein. De plysje hat ferskate kuierrûtes fan Van der Veer ôfsocht, mar gjin spoar fan har fûn. Se hie nei alle gedachten in lange, tsjustere winterjas oan en kuierskuon. De plysje siket no tsjûgen dy't Van der Veer noch sjoen hawwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)