Marrit Leenstra lûkt har werom

19 feb 2012 - 13:01

Foar Marrit Leenstra sit it wrâldkampioenskip yn Moskou derop. De reedrydster fan Wikel waard op de 1500 meter sechsde yn 1.58.43 en klom sa yn it klassemint (10e) dat se de ôfslutende 5000 meter dochs noch ride mocht. Mar nei oerlis mei har coach Jan van Veen is besletten dat de net alhiel fitte Leenstra net mear yn aksje komt. Christine Nesbitt wûn de 1500 meter yn 1.55.95, foar Ireen Wüst yn 1.56.98. Nesbitt hat no de lieding nei trije ôfstannen, foar Wüst en Sábliková.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)