Sense Testlab rint goed

It Sense Testlab foar homoseksuele manlju út Noard-Nederlân rint goed. Sûnt desimber ferline jier kinne homo's har teste litte op soa's. Dit omdat sy mear kâns hawwe op in soa en it taboe noch hieltyd grut is. Mei Testlab kinne manlju online in test ynfolje. As dêrút bliken docht dat de dielnimmer in risiko rint, kin hy oproppen wurde om bloed te prikken. Oant no ta hawwe 74 manlju dat dien, wêrfan 19 yn Fryslân. Fiif fan har hienen in soa en binne dêrfoar behannele.