Grienstroken yn ferkeap

22 apr 2014 - 13:38

Opsterlân is sûnt de hjerst dwaande om alle losse grienstroken yn de gemeente te ferkeapjen. Mar lang net altyd witte minsken dat se in stikje fan de gemeentegrûn yn gebrûk ha. Faak binne dizze stikjes al jierrenlang yn gebrûk as stik fan de tún. Neffens wethâlder Rob Jonkman wurdt goed praat mei de ynwenners fan de doarpen oer de opsjes dy't se hawwe. Mar as minsken in stikje grûn net keapje wolle, kin it sa wêze dat se de beammen en strûken ferpleatse moatte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)