7 prosint 2-jierrigen te swier

22 apr 2014 - 13:00
  • Weechskaal op Ljouwerter konsultaasjeburo Huizumerpoort
  • Ynformaasje oer sûn ite mei jonge bern

Yn Fryslân is yn trochsneed 7 prosint fan de bern fan 27 moanne te swier. Ien prosint is sels fierstente swier. By de Fryske konsultaasjeburo's is dêrom in soad oandacht foar mooglik oergewicht. De problemen fan te min bewege en tefolle ite begjinne faak as de bern noch mar in poppe binne, seit diëtiste Carien Dijk fan Jeugd & Gezin Fryslân.

Dijk seit dat it belangryk is dat ek poppen - op har nivo - genôch beweging krije en net allinnich mar yn 'e wipstoel sitte. Ek warskôget Dijk foar de saneamde 'pyamapapkes' mei tefolle kaloryen.

Fryslân sit mei it persintaazje te swiere bern ûngefear op it lanlike gemiddelde. Jeugd & Gezin Fryslân hat net de yndruk dat it probleem grutter wurdt, mar hâldt de gewichten fan de lytse bern goed yn de gaten. Ek leit op alle konsultaasjeburo's ynformaasje oer sûn ite en bewege mei bern ûnder de fiif jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)