Koade moat fûgel net fersteure

19 feb 2012 - 12:37

Der is in gedrachskoade foar de Iselmar ôfpraat troch wettersport- en natuerorganisaasjes. De koade jout oan hoe't boatsjeminsken har op it wetter gedrage moatte en moat foarkomme dat de fûgels op de mar fersteurd wurde. Neffens de organisaasjes kinne de regels derfoar soargje dat rekreanten elkoar op ferkeard gedrach oansprekke. Se hoopje dat oare natuergebieten de gedrachskoade oernimme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)