Protest tsjin nij swimdiploma

22 apr 2014 - 12:24

It swimûnderwiis yn Ljouwert sil net oergean op it nije swimdiploma fan 'e KNZB. Neffens koördinator fan it swimûnderwiis yn Ljouwert, Joke Dijkstra, is it ABC-swimdiploma prima. It nije diploma wurdt woansdei troch it nasjonale swimbûn presintearre.

Yn it nije swimdiploma is de boarstcrawl de belangrykste swimslach yn stee fan de skoalslach. Der is al in soad protest tsjin de nije opset, ûnder oare fan it Nationaal Platform Zwembaden. Bern hâlde it neffens it platfoarm langer út mei de skoalslach.

Trefwurden: 
Ljouwert KNZB swimdiploma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)