Ferwûne by ûngelok yn Ljouwert
By in ûngelok op it Drachtsterplein yn Ljouwert is tiisdei in man fan 70 út Surhústerfean ferwûne rekke. Hy waard nei alle gedachten net goed en skeat troch de middenberm en botste tsjin in lantearnepeal. Syn frou (70) mankearde neat. In traumahelikopter hoegde net yn aksje te kommen. De man is nei it sikehûs brocht.