ONS ferliest fan DVS '33

18 feb 2012 - 16:51

ONS hat yn Ermelo mei 3-1 ferlern fan DVS '33. Yn de 13e minút wie it Chris de Wagt dy't de Snitsers op foarsprong sette. In stân dy't ek by it skoft op it boerd stie. Ut in penalty kaam DVS op gelikense heechte. De twadde giele kaart foar Leo de Wagt soarge der foar dat ONS mei tsien man fierder moast. Net lang nei de earste strafskop lei de skiedsjochter de bal opnij op de stip. In eigen goal fan Arnold Herder makke it ferlies yn de slotsekonden noch soerder. Djoer puntferlies foar de Snitsers, dy't de oansluting mei koprinner WHC ferlieze.

Trefwurden: 
fuotbal ONS Chris de Wagt
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)