Soer ferlies foar Harkiten

18 feb 2012 - 16:41

Sneu ferlies sneontemiddei foar Harkemase Boys. De Harkiten ferlearen de earste wedstriid ûnder lieding fan de nije haadtrainer Bert Hollander mei 2-1 fan koprinner Spakenburg.

Op 'e Bosk kamen de Boys nei dik in heal oere spyljen op in 1-0 efterstân troch in doelpunt fan Ivo Rottiné. In stân dy't lang op it boerd stean bleau. Yn de einfaze fan de wedstriid soarge in doelpunt fan Oebele Schokker foar nije hoop by de taskôgers. Yn in enervearjende slotfaze wie it úteinlik de koprinner dy't yn 91e minút it winnende doelpunt makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)