Mear drokte by skyskoalle

18 feb 2012 - 15:32

De skyskoallen ha it folle drokker krigen fanwege it ûngelok fan prins Friso yn Lech. Hy bedarre freed yn lawine. Der is in grutte fraach nei feilichheidspakketsjes om lawines oerlibje te kinnen. It giet om helms, stjoerders, prikkers en sels airbags. De pakketten binne te keap en kostje tusken de 300 oant 500 euro. Oer in wike hat it noarden fan it lân fakânsje en de ferwachting is dat in protte minsken noch nei de skyskoalle sille foar in koarte kursus, advys of it keapjen of hieren fan feilichheidsmiddels.

Trefwurden: 
skyskoalle prins Friso
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)