Wüst boppe-oan nei earste dei

© awfoto.nl
Ireen Wüst giet nei de earste dei fan it wrâldkampioenskip yn Moskou oan de lieding. De reedrydster fan It Hearrenfean waard op de 3000 meter twadde, achter Martina Sábliková. De tiden 4.02.69 om 4.01.80. Linda de Vries waard kreas tredde yn 4.07.06. Marrit Leenstra kaam net fierder as it 18e plak yn 4.15.33. Wüst hat yn it klassemint in lytse foarsprong op Christine Nesbitt. Sábliková is tredde, Linda de Vries fjirde.