Skuorren útbaarnd Hearrenfean

22 apr 2014 - 06:18
  • (fotofoarbyld)

Op It Hearrenfean binne moandeitejûn twa skuorren útbaarnd. By de brân yn de Zuiderstrjitte kaam in soad reek frij. De brânwacht koe foarkomme dat it fjoer oersloech nei de wenning. De skuorren rekken bot skansearre. It is net wis oft der ek asbest frijkaam is, dêr wurdt ûndersyk nei dien.

Krekt nei de brân ûntstie der ek noch in wetterliedingbreuk oan de Van Lidtstrjitte, flakby it plak fan de brân. It wetterbedriuw hat it lek ferholpen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)