Trije Friezen nei EK gersbaan

21 apr 2014 - 17:01

Trije Fryske gersbaanracers ha har moandei yn Balkbrug pleatst foar de EK-finale gersbaan yn it Frânske Saint Macaire, dy't op 28 juny ferriden wurdt. Regearend Europeesk kampioen Jannick de Jong fan De Gordyk wûn al syn searjes. Dirk Fabriek fan Jobbegea waard mei ien punt minder twadde. Reserve Henry van der Steen fan Aldebiltsyl kaam yn de twadde searje foar it earst yn 'e baan en helle safolle punten dat ek hy him kwalifisearre foar de EK-finale.

Troch it minne waar koenen de finales yn Balkbrug net mear ferriden wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)