Ungelok by autocross Kollum

Helptsjinsten wienen rap op it plak fan it ûngelok © www.nieuwsuitkollum.nl
By de autocross fan Kollum is moandeitemiddei in famke yn de junioareklasse foar kontrôle nei it sikehûs brocht nei in botsing. De jonge autocrosster fleach rjochttroch dêr't se eins de bocht nimme moast. Se kaam telâne tsjin in seneamde feiligensbal dy't spesjaal oanbrocht wie. Dizze bal fong de klap op. De helptsjinsten wienen gau te plak. De brânwacht waard út foarsoarch ek oproppen, mar hoegde net yn askje te kommen.