Nije start Radio Waddenzee

© Omrop Fryslân
Radio Waddenzee is fan moandei ôf wer te belústerjen yn Noard-Nederlân fia de middengolf en ynternet. De radiostjoerder hat sawat in jier út de loft west. Der is yn dat jier in soad feroare by Radio Waddenzee. Sa wurdt de harker de hiele dei op de hichte hâlden fan de lêste aktualiteiten yn Fryslân. Dêrnjonken is der romte foar in soad muzyk. Mei de nije formule makket Radio Waddenzee gjin gebrûk mear fan diskjockeys.