NHL fokust op dieltiidstudint

NHL Hegeskoalle yn Ljouwert sil syn dieltiidopliedings foar in grut part opknippe yn koarte kursussen. Mei de nije koarte opliedings wol de hegeskoalle mear dieltiidstudinten binnen helje. It tal dieltiidstudinten stiet op it stuit ûnder druk om't it Ryk in twadde stúdzje net langer finansiert. Ek it bedriuwslibben wol der sûnt de krisis faaks net oan meibetelje.
De koarte kursussen moatte de drompel foar nije studinten leger meitsje. In soad hegeskoallen skrasse dieltiidopliedings, mar de NHL wol it oanbod op dizze wize sels útwreidzje.
De nije koarte kursussen soene fan septimber 2015 ôf oanbean wurde moatte.