Drafbaan Wolvegea buorket goed

18 feb 2012 - 13:39

De drafbaan yn Wolvegea hat nei twa wedstriidseizoenen in heech oansjen krigen yn Europa. Twa jier lyn wie de drafbaan noch fallyt. Foar miljoenen euro's binne de baan en de akkommodaasje opknapt. In kwart fan alle wedstriidsearjes wurdt útstjoerd op in Frânsk sportkanaal, dêr't in pear miljoen minsken nei sjogge. Dat smyt alle kearen in ton oan winst op. De baan is hieltyd populêrder wurden. Hynstetrainers, wedstriidriders en publyk út binnen- en bûtenlân komme nei Wolvegea.

Trefwurden: 
Wolvegea drafbaan
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)