Gjin Frysk hânbalsúkses

20 apr 2014 - 18:39

De Fryske klups hawwe by de de 23e edysje fan de Jupiter Cup yn Fjrentsjer neist de oerwinning grepen. By de manlju wie Courbevoie Handball de winnende klup. Yn de finale wûnen se op it nipperke fan Vrone út Sint-Pancras. De spannende wedstriid einige yn 12-11 yn it foardiel fan de Frânske ploech.

By de froulju gie de trofee nei Noard-Hollân. VZV út 't Veld wie yn de finale mei 14-9 te sterk foar Yolo Winterthur út Switserlân. De froulju fan hânbalferieniging FHC út Stiens waarden tredde.

Tradisjoneel wurdt it Jupiter Cup toernoai yn it Peaskewykein spile.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)