Goud en sulver foar Epke

20 apr 2014 - 17:39
  • Epke Zonderland

Epke Zonderland hat snein goud wûn op de rekstok op de World Challenge Cup yn Ljubljana. De Lemster hie in skoare fan 16,250 en wûn mei oermacht. Zonderland wûn ek noch sulver op it ûnderdiel brêge.

Meielkoar ha de Nederlânske turners seis medaljes wûn yn Slovenië. Oare winners wienen Bart Deurloo, Yuri van Gelder en Casimir Schmidt. Dy lêste wûn twa medaljes. Oer in moanne is it EK turnjen yn it Bulgaarske Sofia.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)