Mollema sânde Amstel Gold Race

20 apr 2014 - 17:32

Bauke Mollema is snein sânde wurden yn de Amstel Gold Race. De hurdfytser út Ljouwert moast op de Cauberg de lettere winner Philippe Gilbert gean litte. Earst koe er noch meikomme yn de klim, mar doe't de Belch Gilbert rapper gie, koe er him net folgje. De kopman fan Belkin baalt dat er op in achterstân fan tsien meter de oansluting net mear fine koe.

Pieter Weening wie prominint yn byld. De Harkyt fan Orica-GreenEdge ried yn de finale yn in kopgroep, mar wie yn tsjinst fan syn kopman Simon Gerrans. It wie syn taak om sa te riden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)