Undersyk kwelder It Amelân

Undersikers sjogge nochris goed en oars nei de gefolgen fan gaswinning op kwelder De Hon op East-Amelân. Dat seit Richard Kiewiet fan It Fryske Gea. Foar de gaswinning ûnder it Waad is yn 2004 ôfpraat dat soks koe, mar dan wol mei de hân oan de kraan. Dy ôfspraak jildt lykwols net foar de situaasje op East-Amelân omdat dêr al folle langer gas wûn wurdt. De grûndelgong wurdt wol kompensearre troch it slib dat oanspielt, mar no wurdt sjoen hoe't de kwelder der hinne lizze soe as der gjin gaswinning west hie.
Oanlieding is dat geregeld nêsten troch heech wetter fuortspiele. Ferline wike binne der bygelyks noch 26 nêsten fan leppelbekken fuortspield.