Fisker net mear fermist

20 apr 2014 - 17:08
  • Fiskkotter FD281

De 35-jierrige fermiste fisker fan de Urker fiskkotter FD281 is net langer mear fermist. De plysje krige sneintemoarn it berjocht dat it bemanningslid yn syn heitelân België wêze soe. Snein oan de ein fan de dei koe de plysje melde dat er yndie sneon yn de rjochting fan België gien is. De plysje hat noch gjin kontakt mei him hân en wit net krekt wêr't er is. Hy hat gjin fêst wenplak. Wat der bard is, wurdt noch ûndersocht. Sneon ha ferskate helptsjinsten op de Waadsee oerenlang nei de man socht om't tocht waard dat er oerboard slein wêze soe.

It bemanningslid hie him oan board ferstoppe en gie fan board doe't it skip yn Harns yn de haven oanlei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)