Dirk Hakze wurket yn showroom

20 apr 2014 - 15:13
  • Hakze oan it wurk

De Snitser keunstner Dirk Hakze sil peaskemoandei oan de slach yn de showroom fan in ferkeaper fan karavans yn Ljouwert. Hy wol dêr lytse skilderijen meitsje, ynspirearre op muzyk fan Gustav Mahler. Hakze kiest gauris bysundere plakken om te wurkjen. Sa hat er ferline jier in skoftlang skildere op it strân fan Noordwijk. Earder die er wat ferlykbers yn Dútslân. Hakze docht syn wurk ek yn winkels, sa wol hy graach wat mear publyk berikke. De ferkeaper is fan doel om keapers fan in nije tinte of karavan fergees ien fan de wurken oan te bieden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)