'Fermiste man sit yn België'

20 apr 2014 - 13:19

De plysje meldt sneintemiddei op Twitter dat se berjocht krije dat de fermiste fisker telâne is en yn België sit. De plysje siket no út hoe't dit sit. Letter hopet de plysje mear ynformaasje jaan te kinnen. Nei it fermiste bemanningslid út België is sneon oerenlang socht op de Waadsee troch tal fan helptsjinsten. De man wie sneontemoarn om fiif oere foar it lêst sjoen doe't de bemanning mei elkoar kofjedronk op de Urker fiskkotter FD281. Doe't it skip in pear oeren letter yn Harns oanlei, wie de man fuort. Ek syn bagaazjetas miste út syn hut.

Der binne gjin spoaren fûn dy't wize op in misdriuw.

Sjoch hjir nei de Twitter fan de plysje.

Trefwurden: 
fermissing fisker
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)