Frou rydt troch nei botsing

20 apr 2014 - 12:26

Yn Surhústerfean hat in dronken frou sneontejûn in oanriding feroarsake op de Dellen. De 28-jierrige frou út Drachten botste tsjin de auto fan in 19 jierrige man fan De Harkema oan, mar ried dêrnei gau troch. De Harkyt liet it der net by sitte en gong achter har oan en hâlde ûnderwilens kontakt mei de meldkeamer fan de plysje. Uteinlik koe de frou oanhâlden wurde op de Handwerkerszijde yn Drachten. De plysje hat har rydbewiis ynnommen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)