Izerdief yn Drachten oppakt
Yn Drachten hat de plysje sneontejûn in 42-jierrige Drachtster oanhâlden. De plysje krige melding fan in man dy't by in metaalbedriuw oan De Steven omstrúnde. De plysje trof de man oan mei syn bakfyts en dêr lei izer yn dat er nei alle gedachten by it bedriuw stellen hie. De man is meinaam foar neier ûndersyk.