Opskuor yn hotel om breidspear

18 feb 2012 - 12:50

In Snitser breidspear hat yn har houliksnacht hotel Van der Valk sa op stelten set, dat se der út goaid binne. Nei harren troufeest freedtejûn drukten se op it brânalaarm, sadat alle hotelgasten wekker skrokken en de brânwacht manmachtich útrukte. Beide wiene sa dronken dat der grut meleur mei it personiel ûntstie. De brêgeman (26)hat in bekeuring krigen foar in slaan fan falsk alaarm. Der sil besocht wurde de kosten fan de brânwachtynset op it stel te ferheljen. De plysje hat de twa nei hûs brocht.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)