Auto oer de kop by Himmelum

20 apr 2014 - 11:04

Op de N359 by Himmelum is sneontejûn in echtpear út Balk ferwûne rekke by in oanriding. De man fan 43 jier en syn frou fan 41 jier wiene ûnderweis fan Balk nei Koudum. By de krusing mei it Flinkeboskje ferliende in 37-jierige autobestjoerder út Starum gjin foarrang. Hy rekke de auto fan it echtear en dy auto sloech dêrby oer de kop. De man en de frou út Balk binne mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)