Brânwacht drok mei melders

20 apr 2014 - 10:50
  • (fotofoarbyld)

De brânwacht fan Skylge is sneintemoarn twa kear yn koarte tiid om 'e nocht oproppen, troch in brânmelding by it bungalowpark fan Landal op West. De earste kear gong it automatysk brânalarm troch it bakken fan spek. Noch gjin healoere letter gong it alarm wer. Doe ûntstie der reek trochdat der broadsjes oanbrând wiene. De brânwacht wurdt gauris om 'e nocht alarmearre, troch automatyske brânmelders. Mar yn in pear persint fan de gefallen is der echt sprake fan brân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)