Dieven by boumerk trappearre

20 apr 2014 - 10:36

Op It Hearrenfean hat de plysje sneontejûn twa manlju fan 21 en 22 jier oanhâlden. Se wienen dwaande pallets by in boumerk wei te stellen. De plysje krige de melding dat mannen oer de stekken klommen by de boumerk oan de Houtdraaier. De plysje trof de mannen oan. Ien pallet lei al yn de auto en oaren leinen klear om mei te nimmen. It duo is meinaam nei it buro. Se krije in in proses-ferbaal.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)