Boek oer Sibon presintearre

20 apr 2014 - 09:47

Op It Hearrenfean is sneon it boek oer Hearrenfeanspits Gerald Sibon offisjeel presintearre. It boek is skreaun troch de Ljouwerter sjoernalist Radboud Droog en hjit 'Sibon, eigenzinnig en onafhankelijk'. Sibon fuotballe by FC Twente, VVV, Roda JC, Sheffield Wednesday, PSV, Ajax en Melbourne Heart, mar belibbe syn bêste jierren by Sportklup Hearrenfean.

De boekpresintaasje wie yn kafee it Houtsje op It Hearrenfean. It earste eksimplaar is dêr oerlange oan fuotbaltrainer Eddy Achterberg.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)