Aris wint yn Amsterdam

19 apr 2014 - 22:40
  • Aris Ljouwert

De basketballers fan Aris ha de lêste wedstriid yn de reguliere kompetysje mei 79-67 wûn yn en fan Amsterdam. Foar de Ljouwerter basketballers wie it de tredde oerwinning op rige. Healwei hie Aris in marzje fan alve punten: 37 om 26. It tredde kwart wie foar thúsploech Apollo mei 25-20. It lêste kwart wie mei 20-16 wer foar Aris. Darius Theus wie as sa faak wer de tûkste Aris-spiler mei 22 punten. Tongersdei begjinne de play-offs en reizget Aris nei Den Bosch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)