Eigen Passion yn Ljouwert

19 apr 2014 - 16:22

Op ferskate plakken yn Fryslân wurdt dit wykein stilstien by peaske mei tal fan bysûndere aktiviteiten. Sa presintearret de Ljouwerter wenwyk Cammingabuorren sneontejûn in eigen Passion foar har bewenners. It is folslein opset troch frijwilligers.

Op sân plakken yn de wyk fertelle sjongers, akteurs en dûnsers it lijensferhaal fan Jezus. Mei-inoar dogge sa'n 60 minsken mei. De measte fan har komme út de wyk sels. De Passion wurdt om 19.00 en 21.00 oere opfierd.

Sjoch hjir Facebookside fan de Passion.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)