Sykaksje fermiste man ophâlden

19 apr 2014 - 13:54
  • Fiskkotter FD281

It Kustwachtcentrum Den Helder hat sneon om 13.20 oere yn oerlis mei de ienheden besletten om op te hâlden mei de sykaksje nei it fermiste bemanningslid fan de fiskkotter FD281. It gebiet tusken Flylân en Skylge is ferskate kearen troch in lytse tweintich ienheden op it wetter en yn de loft ôfsocht. De kâns is hiel lyts dat de fermiste man, in Belch fan 35 jier, yn libben oantroffen wurde sil. Plysje en resjerzje ûndersykje de saak no fierder. De man is sneontemoarn om fiif oere foar it lêst sjoen doe't se mei elkoar kofje dronken op it skip.

De technyske resjerzje hat de hut fan de Belch op spoaren ûndersocht. Opfallend is dat de man syn learzens en oaljepak achterlitten hat, mar wol syn bagaazjetas meinommen hat. Foarearst sille de skipper en de trije oare bemanningsleden net oan fiskjen takomme, de kotter bliuwt in pear dagen oan de wâl. Se binne bot fan slach.

Neffens in wurdfierder fan de KNRM is it lestich te sizzen wêr't it lichem fan de fermiste man oanspiele sil. Ofhinklik fan hoe let en wêr't er fan board gien is, kin dat yn Skandinavië, mar ek op Flylân wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)