Plysje ûndersiket fiskkotter

Fiskkotter FD281 © Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust
De plysje ûndersiket yn de haven fan Harns de Kornelis-Jan, de Urker fiskkotter FD281. Ien fan de bemanningsleden fan dat skip wurdt sûnt sneontemoarn betiid fermist. Mooglik is er bewust fan board gien, om't er himsels tekoart dwaan woe. Neffens de skipper hat de man, in Belch fan 35 jier, ek in brief achterlitten, dy is oerdroegen oan de plysje. Neffens de KNRM yn Harns soe de man priveeproblemen ha. Syn kontrakt fan trije moannen op de Kornelis-Jan rûn no ôf.