Humanitas: kliïnten socht

19 apr 2014 - 12:50

Humanitas yn Ljouwert en omkriten siket mear kliïnten om frijwilligers te pleatsen. By de feriening melde har hieltyd mear frijwilligers, mar Humanitas kin se gjin opdrachten jaan om't der net genôch kliïnten binne. Neffens de organisaasje binne der wol genôch minsken dy't help brûke kinne, lykas om finansjele saken op oarder te krijen, mar is dat net algemien bekend. Humanitas wol mear kampanje fiere om bekender te wurden. By de frijwilligers melde har ek jongeren mei in goede oplieding dy't gjin wurk ha en sa ûnderfining opdwaan wolle.

Foar it maatjesprojekt fan Humanitas binne krekt wer mear frijwilligers nedich.

Trefwurden: 
frijwilliger Humanitas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)