Definityf ein foar stoomtrein

© ANP
Der komt definityf gjin trochstart fan de fallite stoomtreinmaatskippij. Dat hat kurator Robert Verdonk witte litten oan inisjatyfnimmer Max Kooijmans. De stoomtrein soe ride tusken Snits en Starum. Alle inisjativen om it projekt nij libben yn te blazen binne op neat útrûn. In ploech Snitser ûndernimmers hat noch besocht de nedige miljoenen op it kleed te krijen, mar hat de trochstart net fan de grûn krije kind. Gemeente en provinsje hawwe miljoenen yn it projekt stutsen. mar wolle net mear bydrage.