Histoarysk kuierpaad Hartwert

Yn Hartwert is sneon in histoarysk kuierpaad iepene. It giet om in paad fan likernôch seis kilometer troch de greiden. Eartiids wie Hartwert in belangryk plak yn ús provinsje. Goed fjouwer ieuwen lyn stienen der twa kleasters. Yn it jier 1580 binne se lykwols ferdwûn, omdat Fryslân doe protestantsk waard. Ynwenners fan Hartwert fine dat dizze skiednis net ferdwine mei en dêrom is it Oldecloosterpad der kaam. It projekt koste sa'n 10.000 euro. Dat is opbrocht troch de provinsje, de gemeente Súdwest-Fryslân en tal fan lokale stichtingen.
By it paad binne ynformaasjepanielen, banken en in kofjehokje delset.