'Opstapdei as foarbyld'

19 apr 2014 - 11:38

De iepening fan it wettersportseizoen yn Fryslân moat tenei sintraal regele wurde. No hâlde de ferskate wettersportdoarpen noch tefolle fêst oan har eigen iepeningsfestiviteiten op ferskillende data. Neffens Hanita van der Schaaf fan Beleef Friesland ûntstiet sa by de toerist in fersnippere byld fan alle rekreaasjemooglikheden dy't Fryslân biede kin. Sy soe yn dat ramt graach sjen dat it nije inisjatyf sneon fan de Opstapdei in tradysje wurdt. Op dizze dei kinne minsken yn seis wettersportdoarpen fergees in stikje meifarre op in boat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)