Stellerij Aldetrine oplost

Ynbraak © ANP XTRA
De plysje hat mei de oanhâlding fan in 33-jierrige man sûnder fêst wenplak de stellerij fan guod yn Aldetrine oplost. De man foel de plysje op by in kontrôle op de A32. Hy ried in yn frachtauto, dêr't in rubberboat, in shovel en in fet mei diseloalje yn sieten. De man hie gjin goede ferklearring foar it guod, en doe is in ûndersyk ynsteld. Dêrút die bliken dat it stellen wie yn Aldetrine. De man is meinaam nei it plysjeburo.