Undersyk skea brêge rint noch

19 apr 2014 - 11:17
  • De brêge flak nei de oanfarring

Rykswettersteat is noch hieltyd dwaande mei it ûndersyk nei de skea oan de brêge by Aldskou. Dêr fear sa'n twa wiken lyn in skip tsjinoan. Sûnt dy tiid jilde der beheinings foar it autoferkear en moatte skippen dy't net ûnder de brêge troch kinne in oare rûte farre. De brêge hat ûnder oare skea oan de fundearringspeallen. It ûndersyk nei hoe grut oftdy skea krekt is, kin neffens Rykswettersteat noch wol in tal wiken duorje. Sa lang bliuwe de beheinings foar it ferkear fan krêft.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)