Swastika's op soas yn Damwâld

19 apr 2014 - 10:33

Unbekenden hawwe freedtemiddei heakkekrusen spuite op de muorren fan jeugdsoas It Honk oan de Foarwei yn Damwâld. Dat is dien tusken kertier oer fjouweren en kertier foar fiven. De plysje siket minsken dy't der mear oer fertelle kinne. In buertûndersyk hat net folle ynformaasje opsmiten, omdat der amper minsken thús wienen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)