'Minne patat by De Till'

19 apr 2014 - 09:34
  • Patat

De Ljouwerter snackbar De Till krijt in minne beoardieling yn de patattest fan it Algemeen Dagblad. De krante fynt de patat hiel min en net te iten. 'De treurigheid van de hele wijk komt in De Till bij elkaar', sa oardielet de krante. Wol stiet De Till yn de top fiif fan goedkeapste patat.

It AD die op 135 plakken yn Nederlân ûndersyk. Fiskhannel De Leckerbeck yn Dokkum krijt dêrby in ûnfoldwaande foar syn patat. Dy fan de Tramhalte yn Boalsert skoart in foldwaande. It AD ûndersocht de 135 plakken ûnder oare nei tips fan lêzers.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)